oudejaarsbijlage Leeuwarder Courant 29 december 1984
Een ochtend op de ‘beurs’ in Balk
de beurs 1
Wurdst der net folle wizer fan, mar de poaten brekke om der te kommen...

Hoe oud het fenomeen “beurs”in Balk is, is moeilijk na te gaan. Vaststaat dat er in vroeger jaren sprake was vaan een voorkomen met een financiële ondergrond: de handel in boter en kaas. Dat ging met een Waag gepaard. Vaststaat ook dat tot ver na de Tweede Wereldoorlog er een beurs bestond op maandagmorgen. Dan kwamen de boeren naar Gaasterlands hoofdplaats om het melkgeld in ontvangst te nemen. Deze op zich eenvoudige handeling werd meestal gevolgd door een gezellig “neipetear”in een van de drie Balkster cafés. Een “beurs” voor boeren, die wat concurreerde met de “beurs” voor burgers. En die laatste heeft het het langst uitgehouden, wat heet, die beurs bestaat nog steeds.
Sinds jaar en dag is de brug en de naaste omgeving bij hotel Sikkema het punt van samenkomst. Lange tijd stond het gezelschap commentatoren van het plaatselijk, landelijk en soms van wereldnieuws tegen het stek van het hotel. De bussen van de Zuidwesthoek moesten daar dan omheen en menigeen heeft in de loop der jaren zijn buik wel eens moeten intrekken om buscontact te vermijden, zo nauw draaiden de bussen om het stek heen en zo weinig ruimte gaven de beursklanten.

de beurs 2

de beurs 4

 

de beurs3

de beurs 5

 

Het moet al verschrikkelijk slecht weer zijn wil het comité der geallieerde “plaatselijke notabelen”zo na de koffie en voor het middageten niet in vergadering bijeen komen. “Se ha harren der wolris ferwurde litten”, zegt de vrouw van één der stamgasten. Wijzend op haar man: “Hy komt soms blau om’e kop thús”. Hij: “No blau…Dochst it net wat al te raar?” Het geeft aan dat men best wat wil trotseren om deel te kunnen nemen aan het gesprek. Ït giet oer fan alles, oer foetbaljen, oer wa’t der nij yn Balk kommen is. Dat witte se meastal ek Der hat in tiid west dat er hast elek moarn thúskaam mei: “Witst dat dy en dy ek wei is?” dat doe ha’k sein: no must alris ophâlde mei dyn ferhalen..”
Hij: “Der binne by dy witte alles en dy wolle ek alles witte. En dan hast der guon by dy’t net sa goed mei-elkoar opsjitte kinne. Dy komme der dan oanrinnen mei it doel om even te praten en dan sjogge se immen stean, dy’t se net meie, en dan rinne se troch. It hat wolris sa west dat se elkoar by de bealch pakke soenen, mar dat is al in tiid lyn… It gie leau’k oer it tsjerkhôf dat ien ûnderhâlde moast en dat soe dan net goed gebeurd wêze, sokssawat… No ja, dan hast derby dy’t krekt witte wa’t in hûs kocht hat en wat dat koste hat en do hast derby dy’t tachtig kear itselde fertelle…”

“Nee, ik mis net faak. Ik mei der graach even hinne”. Zijn vrouw: “Watte? Hy brekt hast de poaten om der te kommen. Soms mut hy boadskippen meinimme dy’t ik foar it iten noch br^ke mut en dan komt er let thús. It wie sa spannend, seit-er dan, dat ik koe der net earder by wei gean.

De “beurs”zoekt meestal de luwte op. Hetzij voor hotel Sikkema, hetzij voor het winkeltje van Roelofke Rosenberg. Ën simmerdeis sitte wy wolris op’e bank, dy’t er delsetten is by de brêge. Moai jonge, mei dy toeristen dy’t dan mei harren boatsje troch de brêge mutte. Fan ’t simmer ha wy noch in frommiske fan sa’n boatsje even op skoat hân en doe op ‘e foto..”

de beurs 7

En hij vervolgt: “As ’t no min waar is en slim kâld dan steane wy in hiel inkelde kear wolris midden yn Balk. Sjoch, wy misse Steegenga. Dy hie in moaie romme portyk. Dêr koest moai yn skúlje, mar dat is no ferboud”. Zijn vrouw: “Se moatte nochris wat útfine dat mei de wyn meidraaie kin…”

De beurs wacht in spanning af hoe een vast onderdeel van het gezelschap, dat zich nu nog aan gene zijde van de Luts per rijwiel voortbeweegt, de bocht en de brug zal nemen. “Ferdomd noch ta, hy jout de richting oan…” klinkt het bijna opgelucht. De fietser arriveert kreukvrij en stapt af. Het gesprek begint, maar wordt korte tijd onderbroken als iemand voorbijschuifelt die in onmin leeft met de rest. “Wurdst oars net as oer de hikkel helle. Se ha my al trije kear dea hân, dat dan wisto it wol”. luidt de nadere uitleg. “Lêsten kaam ik ien tsjin en dy sei: hea, libbesto noch? Dat ik sil wol hûndert wurde… Ik ha se al even de wierheid sein en ik kom dêr foarlopich ek net wer…”

Het gestokte gesprek wordt voortgezet met een verhaal over het voetballen. “Sneon noch even by’t foetbaljen west? By Balk?” -  “Balk, dêr kom ik net”, meldt de man die vroeger tot de uitgesproken steunpilaren van de achterhoede behoorde. “As se net better spylje sjogge se my der net. Sa’n tranendal kin ik net oansjen. Ik wie fjirtich doe bin ‘k ophâlden, mar doe ’t ik sân-en-tritich wie spile ik noch yn ’t earste. Sa ’t no giet fyn ik it treurich. En dan sis ik op myn beurt – en dan kinne se prate wat se wolle – wy spilen froeger better as sijen no. Undanks dat se no dy trainingen allegear ha.”

Hij krijgt geen bijval. “Mutst it materiaal ek mar ha. Hast no Cambuur yn dy bekerwedstrriid tsjin Vitesse. Dy jonges kinne alles winne, mar se ferdomden it om te foetbaljen. Dan dochsto as trainer ek net folle. Se tinke, wy kinne dit wol mei de hannen yn ‘e bûse winne. Fergeet it mar. Kinst wol begjinne te skellen as trainer mar dy jonges mutte it meitsje ..”

En hij vervolgt: “It gie sneon oars noch wol, mar ik mut wol sizze: it wie hartstikke wreed. Tsjin ‘e Lemmer en ik ha de Lemmer noch noait sa wreed sjoen. As se de bal net hienen namen se de man wol”. De eerste: “Mar Balk hat dêr doe ek aardich fersierd, tocht ik…”

de beurs 9

De andere weer: “Ik ha der oars wol respekt foar. Ast dy jonge van Mandemakere no ek hast. Dy sit yn Amsterdam by de plysje en komt hjir sneons foetbaljen. Dan hast der wol wat foar oer. In soad soenen sizze: barste jim mar. En dy fan Gersjes ek, dy wurdt ek apart ophelle út Amsterdam”.

De eerste weer: Froeger, myn jonge, mei Hindrik Veltman op ‘e goal. In stijlkeeper wie dat. Dy koe alles, mar net útskoppe. Dat must ik altiten foar him dwaan. Ut ‘e hân kaam er amper oan de middenlijn ta, mar keepe … Ik ha it doe sjoen, yn Wezep, mei it Nederlands zaterdagelftal. Doe stie de A-keeper yn ‘e iene goal en Hindrik yn ‘e oare. I treinde, hast it noch noait sa sjoen. Hy stie der in see fan wetter om te batsen en hy rânsele der skotten út, fantastysk. Mar hy hie in pear backs foar him, no koest der ek wol stiennen foar ha. Hy sei letter tsjin ús, ik woe dat ik jim der foar my hân hie. Mar allegear vriendjespolitiek, dat hy hat noait de kans wer krigen”.

“Hindrik en Nico van Velzen ha letter nochris sa’n proefwedstriid spile achter Drachten. Nico naam in pear slokjes foarôf en Hindrik sei letter: “Van Velzen wie der fierwei de ster-van-het- veld. Ik ha him noch noait sa foetbaljen sjoen. Mar….eh gjin schijn van kans…”
Dat was toen. En nu? “As Balk út spilet wit ik moandeis noch net hoe’t se spile ha. Ik freegje ek net in mins. It brânt my tefolle yn. Sa kneuterich. It kin wol dat de keeper by Balk net ien kear úttrapet. Allegear goaie. Dat fyn ik waardeleas. En se bringe in bal fan achteren nei foaren, se bringe him, se bringe him… It is my leard: jo kinne dochs folle better plaatse as bringe. No, dat is Balk. Tik-tak-sealfoetbal. Do stiest dêr en ik hjir. No hjir mar mar even dy bal. Dan wachtsje wy even en dan wer werom. Soks kin ik net fernearre. It is ferskriklik. Sa houterich….”

Even een blik ter linker zijde, waar het voetbalverhaal werkt als zaad op de rotsen. “Ik bin gjin foetballer, ik sjoch der ek noait nei. Op ‘e tillevyzje ek noait. Ik fyn der gjin barst oan. Werklik net. Ik ha leaver in moai stikje muzyk of in film. Ik ha sels ek noch in akkordeon, in Accordeola. Fjouwer jier werom ha ‘k dy noch nij kocht. Ik gean der net mei fuort, mar ik sit noch wolris op in feestje. Ferline jier ha ‘k noch mei de âlden fan west, mei de boat. Bellen se my op it leste nipperke want in oaren hie harren stikke litten. Soe hy it ek noch dwaan? No, ik woe wol. Wat mutte jo ferstjinje? Ik sei: dat. Seagen se al wat raar. Ik sei: nim dan in draaioargel. Mar ik ha mei west”. “Dit jier net wer. Ha se bantsjes brûkt. Dat is neat wurdich. Dy Visser hjir, dy betanket de lju, dan witst it wol. Sei-er letter: jo hienen meu mutten, man. Dit wie net in sint wurdich, man. Dit wie net in sint wurdich. Ik sei: ja, mar se

 

wolle allegear sunich. Ik krige fiifensantich gûne, dat wie net tefolle foar sa’n hiele dei wol? Doe sei dy boer fan Teakesyl dy’t der ek mei ynsit: mar jo krije ek in miel iten. Ik sei dat hoecht net man, ik nim wol in pear broadsjes mei fleis mei. Hâldt dat waarm iten mar”.

“Wy ha ek nochris yn Koudum spile. Wie ‘t salang lyn dat wy befrijd warden. Waard dat stik spile fan dy broer fan Popke Bosma. Diks Bosma. “Oan ‘e kânt fan ‘e sulvren mar” hjitte dat. Wy mei fjouwer man spylje. Koenen se oarsgjin muzyk krije. Ek foar fiif-en-santich gûne de man. Doe wie dat ôfrûn en doe sei dy kastlein: “Wie ik wat gesellich?” Ik sei: ja wol, mar god man wy koenen dat bier lang net op! Wat ha joú s in bier brocht! Sil ik dy fertelle: wy ha noait ien gleske bier hân…. Net ien gleske bier, niks….. yn Koudum…. Ik hie der noch noait earder spile, mar froeger yn Balk hiest der ek sa’n ien by. Hessel Dolle net, dat wie goed by Hessel. Sjoch, do hoechst net bealch fol bier, mar no en dan ris ien, dat hindert dochs ek neat”.

de beurs 6

Hij heeft moeite boven de voetbalverhalen uit te komen. “Dêr is hjir oars gjin praat”, zegt hij enigszins mistroostig en geeft meteen “Hilversum” een veeg uit de pan mee. “Jou my mar in programma mei Marco bakker, dât fyn ik frijwat moaier. Dat Studio Sport ommers ek. Ik is ien stik foetbal en as dat der net is, is der wol oar baljen. Altiten baljen. Hast no dat Dútslân – dat kin wy hjir net krije. Mar ast de lju hearst, dy’t dat wol krije kinne, dan sizze se dat der ek in soad oare sporten op komme. Dêr is fan alles op …..”
Hij verlaat de beurs en krijgt na: “Hy ken net in noat leze sa grut as in ko, mar spylje … Ast fregest: der Atle kamaraden dan komt der Alte Kamaraden.” Aldus een rentenier boer met nauwelijks ingehouden bewondering.

 

Er komt een andere plaat op. “Fan é middei klaverjasse, net?” Het antwoord luidt bevestigend. “De bejaardensoos?”  “Nee, yn yn é Treemter. Sa’n klubke ûnder elkoar. Dêr binne wy kind-aan-huis. Wy rede ússels, wy helje de kaai op en in fleske drinken foar in daalder en dan in hiele middei. Mar ja, ik ha in maat dy is net sa bêst”. De ‘maat’ staat er zelf bij: “Ik wurd minder”  luidt de bekentenis. “Ik ha my ferline wike fersind. Wy hienen in stille meitsje kinnen, mar dan hie ‘k yntroeve mutten en dat die ik net. Doe krigen sy in lyts slachje. Sieten noch twa troeven  yn en de tsjinpartij bekende net, dat wy hienen dy beide troeven yn hannen. Komt der in kaart en ik hâld dy troef fêst ynstee fan him te spyljen. It wie de tsien. Mar der binnen wolris mear dy’t it ferkeard dogge.”
“It is ek gjin wûnder dat soks passeart. Ik bin tachtich, no. Al nei oan ‘e ien-en-tachtich. Dat duorret gjin fearnsjier mear.” Een ander: “Meie jo net mopperje.” Even komt het gesprek op een oude kameraad wiens toestand verslechterd. “Hoe soe ’t mei him gean?” “No, it wurdt der net better op. Slieperij ûnder, dus witte jo it wol”.

de beurs 8

De middenstand wordt ook even tot onderwerp verheven. De Sinterklaas actie heeft eerder genoemde rentenier boer een tientje opgelverd. “Jild by jild” wordt er geschamperd. “No wy ha oars hast noch noait wat wûn. Myn frou ien kear mei De Boerderij: in maïsgarnituur … In kloske mei wat spikers”. Het “omsittend laach”: Oh, kuorkebreidzje. Sis dat dan. Elite, seker net. Wy neame dat gewoan by de namme…”
Het blijkt een inleiding te zijn op een breedvoerige beschouwing over de kleine winkels. Die van Rosenberg, waar ze voor staan, is een prima model voor een hele reeks die dreigt op te drogen. Van de grote voorraad aan de andere kant van het raam wordt hoog opgegeven. “Se hienen hjir lêsten noch prúmtabak, dat wie wol in heal jier âld. Dat koste noch f 2,75 en normaal is it al mear as trije gûne. As dy boel aansten ris op ‘e boerden komt, steane jo fersteld wat der noch los komt. It is krekt as froeger de hema in Aldegea fan Ytsje en Gryt, dêr siet ek fan alles yn. Mar even sa goed wiest ûnwennich doe ’t dat frekte lytse winkeltsje fuort wie.”

Iemand weet zich nog het bestaan van een kleine middenstander in Sondel te herinneren. “Toe  ju, dat frommiske, dat wie al âld. Dy hie dan in pieteroaljelampe op ‘e toanbank en dan dy jonges yn ‘e  winkel en dan wie it: pfftt en dy lampe út. Dat wie Eelkje. Dy is hûndert jier wurden”. – “Ja jonge, alles fan dat soarte saken is fuort”. Een ander: “Dan sizze se no: wy helje it wol mei de auto, mar ast op in lyts plakje wennest en jo en ik ha gjin auto en dan bist altiten ûngelokkich. Dy winkellju sizze: fan dat pûn sûker, dat jo by de supermarkt ferjitte, kinne wy net bestean”. De accordeon-man: “Yn Wâldsein sluten de winkels dan in healoere earder. Gienen de lju sneontemiddeis nei Snits nei Simon de Wit en dan kamen se werom en hienen se de jittik ferjitten. Mar dan wienen de winkels yn it eigen plak ticht. Kamen s eek noch achterom. Sei dy winkelman: sodemiterje mar op, gean mar nei Simon de Wit om jittik. Koest him gjin ûngelyk jaan…”

Het bezoek aan de beurs wordt uitgebreid. “Hoe foldocht it jo as Wikelder hjir yn Balk?” “Bêst, ik wenje hjir al wer hast it sechste jier. Ik bin hjir hast elke moarn… Wurdst hjir net folle wizere, ju. De iene liicht mear as de oare”.
“No rekkenst by dysels of”.

“No, ik wol it wol wêze.” Er zijn weinigen die onbesproken blijven. Mensen, die er naar de weg vragen worden te woord gestaan, want als de gelederen versterkt zijn – en meestal is dat zo – met de oud-postbode kan de verwijzing bijna niet fout uitvallen. “Jou mar in kwartsje”, zegt men tegen een dankbare automobilist. De man lacht, de beurs doet hetzelfde.

de beurs 10

De beurs is niet voor iedereen een pree. Bouke Haga, hij vervangt de zieke mevrouw Rosenberg in de winkel, heeft dagelijks met de mannen te maken. “Witst no wol wat it kostet, Bouke”, was de eerste vraag, die hij voor de voeten kreeg toen hij als waarnemend middenstander optrad. “Oars nimst mar wat”.  Haga: “Do litst dy ek net nimme wol?” En later: “Se ouwehoere my fierstentelang…”

oudejaarsbijlage Leeuwarder Courant 29 december 1984
Oproep! Wie staan er op de bovenstaande foto's ?

beginpagina